Ids van der Ende partij 2012

It wie in wykein oan it ein fan in wike mei ferskaat waar. Ferliene wike moasten we fanwege de waarmte noch spesjale maatregels nimme en dit wykein soe it omraak waaie en reine. Mar it gie oars.

Goed, der wie wol in bytsje wyn mar die stie geunstich. It ienige dat ûntbruts wie in soad minsken te keatsen op Ids van der Ende partij. In totaal hiene mar 16 minsken harren ynskreaun en dat hat wolris oars west. We keatsten in list mei ferliezersrunde. In de earste omloop foel der in lyts buike, mar in dernei hawwe we allinne noch mar losse drippen sjoen. De oanwêzigen keatsten der fanatyk foar, it einige mei twa finales nêst mekoar. In de ferliezersrunde keatsten Anne Terpstra en Dayna de Boer tsjin Klaas van der Veen en Jelmer van der Valk. It lêste partoer wûn dizze wedstriid mei 4-5 en 6-6. In de finale stiene Baukje Stienstra en Hedwich Stienstra tsjinoer Sander Hageman en Pieter Klaversma. De beide froulju wiene oppermachtich en wûnen de krânse 5-1-6-4. Alle winners koene harren eigen prizen kieze en sa gongen de measten mei in bierpakketsje nei hús.

Geplaatst op 29 August 2012